Wat skepsto op dyn itenspanne: iten fan fier of tichtby?

14 okt 2019 - 11:15

"Mevrouw, wilt u een netje uien mee?", ropt Wilbert van de Kamp nei in frou dy't it stasjon fan Ljouwert útrinnen komt. De frou is benijd, nimt de sipels oan en freget "Wêr is dit foar?" Van de Kamp dielt sipels út yn it ramt fan World Food Week, dy't moandei begûn is. It útdielen fan de sipels is de ôftraap fan it projekt 'Sipelsop', dat minsken bewust meitsje wol fan lokaal iten.

Wilbert van de Kamp oer it útdielen fan sipels

Sipels en sipelsop stean neffens Van de Kamp symboal foar wat we mei ús iten wolle, hjoed en moarn. Want sipelsop is maklik, sûn en lokaal te meitsjen. Van de Kamp wol neist it sipels útdielen ek minsken oproppe om op dizze moandei (14 oktober) om 18.00 oere in foto up te loaden (mei de hashtag #sipelsop) fan wat op harren itenspanne leit. Dy foto's sille op ferskate plakken online te sjen wêze, ek om't de organisaasje hopet dat minsken harren foto's sels in soad diele sille. It doel is dat der sa wat mear sprutsen wurdt oer wat we no hjoed-de-dei ite.

Keunst

Neist it útdielen fan sipels om wat mear de fokus te lizzen op lokaal iten en foto's fan it iten, is der noch in ûnderdiel fan it projekt Sipelsop. Tsien Fryske keunstners en artysten bringe iten op harren eigen kreative wize yn byld.

Dêr hawwe se de ôfrûne tiid al mei dwaande west. Ien keunstner hat fan plestik ferpakkingsmateriaal keunst makke. Fan dizze tsien keunstwurken wurdt in ynstallaasje makke en dy is op ferskate plakken te sjen yn de World Food Week, sa as yn it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe en hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek dielt sipels út mei Wilbert van de Kamp

(advertinsje)
(advertinsje)