Kollum: "Folluk!"

"Folluk! Dat roppe wy hjir yn Fryslân altyd ast by ien troch de achterdoar stapst. Gjin gedoch mei oanbeljen by de foardoar, nee gewoan de achterdoar iepenslingerje, de kop om 'e hoeke stekke en keihurd 'folluk!' roppe. Ik tocht dat dit de gewoanste saak fan de wrâld wie, mar dat blykt net it gefal te wêzen.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Blykber is 'folluk!' roppe net by elkenien bekend. Ik ha it ien kear by de buorlju yn Drachten dien en doe seach de buorfrou wol sa nuver. 'Wat riep je nou?' frege se doe't se skrokken nei de achterdoar kaam. 'Folluk!', sei ik. Dêr hie se noch nea fan heard. 'Of deed onze deurbel het niet?', wie har folgjende fraach. Doe't ik útlei dat my dit wat handiger ta like, sa efkes mei de kop om 'e hoeke, wie se hielendal yn betizing. 'Is dat normaal hier?'
No't wy yn Boelensloane klusse, ha 'k wer wat nijs leard. Dêr roppe se hielendal neat, mar stappe se gewoan de keamer yn. Al hiel wat buorlju ha wy oer de flier hân. As se sjogge dat der in auto op it hiem stiet, wippe se efkes oan. Sa hiene wy samar twa froulju op it hiem stean, dy't sa nijsgjirrich wienen dat se al efkes in blokje troch de bosk rûn wienen. En lêstendeis stie de buorman fan in eintsje fierderop samar ynienen midden yn de wenkeamer doe't wy it gipsen plafond der útskuorden. Hy wie wol benijd wa't yn it hûs komme soenen.
Yn dy sân wike dat wy it hûs yn 'e Loane ha, ha wy al mear buorlju oer de flier hân as yn dat oardeljier yn Drachten. De foarsitter fan doarpsbelang hat al op besite west en wy binne yntusken ek al lid wurden. Wy witte fan de iene buorman dat er ynkoarten heit wurdt en fan de oare buorman dat er in swimbad yn 'e tún hat. Wy lêze al it nijs yn de doarpskrante en sterker noch: ik sil der sels foar skriuwe. Mei oare wurden: wy binne al aardich ynboargere. En dan wenje we der noch net iens.
Ferlykje dat mei Drachten en der is in wrâld fan ferskil. Ik wit mar amper wa't myn buorlju binne, wylst wy stiif tsjin elkoar oan wenje. Ik soe net iens witte oft der in buertferiening is, wa't yn ferwachting is of wa't in swimbad yn 'e tún hat. Ik stek moarns, middeis en jûns de hân op as ik ien op 'e dyk tsjinkom en dat is dat. Op himsels wol lekker rêstich, mar wol krekt wat te anonym ast it my fregest.
Noch in pear wiken en dan sille wy ferhûzje. In housewarming foar de buorlju kinne wy wol fan ús to do listje skrasse, want hast elkenien hat yntusken al binnen west. Miskien is it wol handich om noch in buordsje by de achterdoar te hingjen mei de tekst: 'Wolle jo net de skrik fan jo libben ha, rop ús dan mar efkes 'folluk!' ta'."