Update: Kettingbotsing op A32 soarge foar opûnthâld

In kettingbotsing mei sân auto's op de A32 by Wolvegea hat moandeitemoarn foar in soad opûnthâld soarge. Ferkear tusken Wolvegea en It Hearrenfean-Súd moast rekken hâlde mei earnstige ferkearshinder. Troch it ûngelok ûntstie der in lange file, mei mear as trije kertier opûnthâld as gefolch. Yntusken rydt it ferkear wer.
© Jaring Rispens
De linkerrydstrook wie ticht. By de kettingbotsing binne gjin minsken ferwûne rekke. De berger hat ferskate auto's fuortsleept.