Motorrider ûnderút op Skylge

Op de Boargemaster Van Heusdenwei op Skylge is sneintejûn in motorrider ferwûne rekke. De motorrider gie yn in bocht ûnderút en botste tsjin in parkearde auto. Meiwurkers fan de ambulânse ha it slachtoffer behannele en waarden holpen troch meiwurkers fan de traumahelikopter.
© ProNews Producties
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.