Byienkomst oer takomstplannen foar De Skâns en Koartesweach op De Gordyk

Wat moat der barre mei kultureel sintrum De Skâns en sportsintrum Koartesweach op De Gordyk? Dat is de sintrale fraach moandeitejûn op in byienkomst foar ynwenners fan it doarp. De gemeente hat de hannen fan de plannen ôflutsen. In groep Gordyksters wol net langer wachtsje en hâldt moandeitejûn in byienkomst om wer faasje yn de plannen te krijen.
De Skâns © Omrop Fryslân
Wurdfierder Bart Maats is ien fan de inisjatyfnimmers fan de gearkomste oer de takomstplannen fan De Skâns en Koartesweach. Hy leit út wat it doel krekt is. "We hebben gezegd: laten we proberen om iedereen bij elkaar te krijgen. Er is al zo vaak geroepen 'er moet wat gebeuren', dus laten we kijken of we de schouders eronder kunnen zetten met z'n allen."

Wolwêzen op De Gordyk

Wichtich is dat de fokus op sawol it kultureel sintrum as op it sportsintrum leit. Maats: "Zowel De Skâns als sportcentrum Kortezwaag zijn van groot belang voor het welzijn hier in Gorredijk. Wil je het in Gorredijk met elkaar goed hebben, dan moet je dat soort faciliteiten samen goed onderhouden."

Skoalbern yn aksje

Njonken ynwenners fan De Gordyk wurde ek skoalbern fan de Boargemaster Harmsmaskoalle aktyf by de plannemakkerij belutsen. Maats: "De kinderen doen ook mee met het plan. De leerlingenraad is al bezig geweest met een enquête onder de leerlingen. Je wilt zo breed mogelijk horen wat de wensen zijn. Het is leuk om ook de kinderen en de gezinnen hierbij te betrekken."

Takomstplannen

De útkomsten fan de byienkomst wurde brûkt om in plan foar de takomst te meitsjen. Dêrfoar wurdt in ferfolchgearkomste organisearre. Maats: "Maar het hangt er helemaal vanaf wat er vandaag gezegd wordt en hoeveel mensen er komen. Vanaf daar kunnen we pas weer verder."
Bart Maats oer de plannen foar De Skâns