Betinking tsjerkasyl Rottefalle: waarm wolkom Syryske húshâlding

14 okt 2019 - 07:00

It is 25 jier lyn dat in ein kaam oan it tsjerkasyl fan Rottefalle. In Syryske famylje wenne dêr 2,5 jier yn de menistetsjerke. It waard dêrmei it langstduorjende tsjerkasyl ea yn Nederlân. Dit wykein waard dêrby stilstien, yn in spesjale tsjerketsjinst en reüny yn deselde menistetsjerke.

De lytse konsistoarje fan de tsjerke waard it wenhûs foar de Syrysk-Ortodokse famylje Touma: heit, mem en fjouwer soannen. Sa'n hûndert frijwilligers soargen 2,5 jier foar de famylje, dy't gjin kant út koe en yn grutte ûnwissens libbe. De Touma's wiene útprosedearre en rûnen dus it risiko dat se it lân útsetten waarden.

De bern giene wol nei skoalle, mar heit en mem mochten it hûs net ferlitte. Nachts sliepten twa frijwilligers yn 'e tsjerke, ûnder de preekstoel. Mocht der in ynfal fan de plysje driigje, dan koe ien fan de tsjerkeleden in tsjinst begjinne. It prinsipe fan tsjerkasyl is dat de tsjinst dan net fersteurd wurde mei.

Arios en Benjamina Touma en harren twa jonkjes - Foto: Fotobureau Het Hoge Noorden

It duorre oant oktober 1994 foardat de famylje in ferbliuwsfergunning krige. De Touma's ferhuzen nei it easten fan it lân, dêr't mear Syrysk-Ortodokse kristenen wenje. It kontakt tusken de frijwilligers fan de menistetsjerke fan Rottefalle en de famylje is altyd bleaun. Ien fan de soannen, Arios Touma, wie sneon by de reüny. Hy hie syn frou Benjamina en syn twa soantsjes fan acht moanne âld meinaam.

De menistetsjerke yn Rottefalle - Foto: Het Hoge Noorden

Ferslachjouwer Karen Bies oer it tsjerkasyl

Oer it tsjerkasyl fan Rottefalle publisearret Omrop Fryslân, tegearre mei de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad ein dit jier in podcast. Sjoernalisten Karen Bies (Omrop Fryslân), Wieberen Elverdink (LC) en Diane Romashuk (Friesch Dagblad) hawwe foar dizze dokumintêresearje tsientallen belutsenen ynterviewd.

(advertinsje)
(advertinsje)