Wiete waar spulbrekker by risping fan sipels en ierappels: "Us jild leit noch bûten"

14 okt 2019 - 06:18

Sûnt midden septimber is in soad rein fallen. Op de measte plakken yn Fryslân sa'n 150 millimeter en mear. En dat is fan ynfloed op de risping yn de bougebieten. Op ferskate plakken leit de risping stil om't it te wiet is. Teun de Jong, foarsitter fan it Nederlânske lânboubûn, makket him lykwols noch gjin soargen. "Wy gean der net fanút dat de risping ferlern is. It duorret allinnich wat langer."

Op dit stuit leit de risping fan in soad bougebieten stil. De Jong: "Salang't it sa wiet is, kinne wy it lêste part fan de risping net binnenhelje. Fan de ierappels is sa'n 90 prosint yntusken is binnen. It giet benammen om de risping fan sipels. De sipels binne dit jier let, wêrtroch't der noch sa'n 2/3 part fan de sipels binnen helle wurde moat."

Gjin hegere prizen

Om Sinteklaas hinne wolle bouboeren it lêste guod fan it lân ha. It is no wachtsjen oant it drûger wurdt. It wiete waar hat op dit stuit dan ek noch net sa folle ynfloed op de prizen, leit De Jong út. "Wy gean der noch net fanút dat de risping ferlern is, dus bliuwe de prizen noch gewoan op peil. Mar saak is wol dat wy it lêste guod binnenhelje, want ús jild leit op dit stuit noch bûten, sa simpel is dat."

Foto: Sjoukje N. Visser

Teun de Jong fan it Nederlânsk Lânboubûn

(advertinsje)
(advertinsje)