Ek oan sâltwinning sitte risiko’s: "We hebben ons lesje na het aardgas nog niet geleerd"

14 okt 2019 - 06:01

De risiko's fan sâltwinning wurde konsekwint ûnderskat, dat seit boaiemdelgongsekspert Adriaan Houtenbos. Krekt as by de ierdgaswinning yn Grinslân kin sâltwinning ierdbevingen feroarsaakje, mar ek sinkholes en wetteroerlêst. Wat betsjut dat foar de provinsje Fryslân? Dy is goed foar mear as 10 prosint fan de Nederlânske sâltproduksje.

troch Goos de Boer en Arne van der Wal

Foto: Omrop Fryslân

Lêstiid: 5 minuten

De gefolgen fan de gaswinning binne by elkenien ûnderwilens wol bekend. Boaiemdelgong, skea oan huzen en lân komt lykwols ek foar as gefolch fan sâltwinning. "In beide gevallen worden de risico's gebagatelliseerd, met als gezamenlijk motief economisch gewin. Het lijkt verdacht veel op elkaar", seit Adriaan Houtenbos, âld-NAM-meiwurker en sûnt 2000 ûnôfhinklik spesjalist op it mêd fan boaiemdelgong.

Foarsizzing

De ynsidinten yn sâltwingebieten dy't de ôfrûne jierren plakfûn hawwe, binne foar oanfang fan de winning noait as reële mooglikheid ûnderkend, seit Houtenbos. Mei oare wurden: we tinke wol dat de risiko's leech binne, mar yn werklikheid hawwe we der foaral net sa'n goed byld fan. De gefolgen dy't we sjoen hawwe, wienen yn it foar stik foar stik net ynskat. Houtenbos is fan betinken dat de oerheid by de beoardieling fan de risiko's tefolle útgiet fan de teoretyske modellen dy't de mynbouwer ferstrekt hat. En dy hawwe neffens him noait akkuraat west.

Belangen

Sâlt hat troch de iuwen hinne fan grut ekonomysk belang west, ek foar Nederlân. Guon histoarisy ferlykje de betsjutting fan sâlt sels mei dy fan oalje. Dat mei yn de hjoeddeiske tiid wat oerdreaun lykje, mar foar't keunstmjittige kuolling syn yntree die, wie sâlt it wichtichste yngrediïnt om iten te beskermjen tsjin bedjer. En ek no is sâlt in wichtige grûnstof sâlt foar de gemyske yndustry.

Op it earste gesicht liket sâlt yn neat op de ierdgas. Nim allinne al de opbringsten: wêr't de steatskas sûnt 1965 hast 417 miljard euro oan ierdgasbaten ynbard hat, binne de opbringsten fan de konsesjes foar sâltwinning te ferwaarleazgjen. Yn it Jaarverslag Delfstoffen en aardwarmte wurdt in soad oer sâlt sein, mar neat oer de sâltbaten foar de Staat der Nederlanden. Dy binne der dan ek net.

Yn dat opsicht is it sâlt it 'lelijke eendje' fan de Nederlânske boaiemskatten. Dochs is sâlt nei ierdgas de wichtichste delfstof dy't yn Nederlân wûn wurdt. Nederlân telt 16 winningsfergunningen foar sâlt; de lokaasjes lizze allegearre yn it noarden en easten fan Nederlân. Yn 2018 waard 6,7 miljoen ton sâlt wûn. Nederlân is dêrmei nei Dútslân de twadde produsint fan sâlt yn Europa. Oer de wrâld stiet ús lân op it njoggende plak.

Sâlt yn Fryslân

De provinsje Fryslân is goed foar 10,9 prosint fan de Nederlânske sâltproduksje. Utbater Frisia Zout B.V. is sûnt 2000 ûnderdiel fan Esco (foar European Salt Company), in dochter fan memmebedriuw K+S. Dy lêste is wrâldwiid de grutste oanbieder fan natriumgloride.

Ek yn Fryslân ha der ynsidinten west. Boeren yn de omkriten fan Harns hienen te krijen mei wetteroerlêst op har lân nei't bliken die dat de boaiem folle flugger sakke as ferwachte. Dit jier ferpleatst it bedriuw de sâltwinning hielendal nei see, trije kilometer foar de kust fan Harns. Dêr hat it Ryk in nije winningsfergunning foar ôfjûn.

Undersiker Goos de Boer oer de risiko's fan sâltwinning

Foto: Omrop Fryslân

Wurkgelegenheid

De sâltwinning yn Nederlân hat plak yn regio's dêr't it ekonomysk net echt brûst. Om dy reden waard se troch pleatslike politisy omearme as bringer fan wurkgelegenheid: in argumint dêr't de bestjoerders fan de mynboubedriuwen steefêst mei skermje sadree't der krityk klinkt oer de neidielige gefolgen fan har wurk. Ek al giet it foar in bedriuw om net folle mear as hûndert oant twahûndert direkte arbeidsplakken, foar streken dêr't oars net folle wurk te finen is, binne dy mear as wolkom. It ferklearret faaks wêrom't de skea oan huzen en de omkriten sa faak foar leaf nommen wurdt.

Leske

Wachtet de sâltwinning úteinlik inselde lot as de gaswinning yn Grinslân? Mei in soad diskusje, ellinde en lang om let nei in soad striid likegoed ferhastige ôfbou?

Staatstoezicht op de Mijnen ferwachtet fan net. "Het is een andere discussie", seit Van der Zee. "De omvang is anders. Zoutwinning wordt wel regionaal gevoeld, maar is landelijk minder een item. Ook omdat we te maken hebben met de leveringszekerheid van Gronings gas en daar zit een hele politieke dimensie aan. Die is bij zout een stuk minder."

Wol fynt Van der Zee dat út 'Grinslân' lessen lutsen wurde moatte. "Wij roepen bij elk dossier, dus ook de zoutwinning, tegen het ministerie en andere stakeholders: wees transparant en neem mensen er in mee. Wij sturen hard op die openheid, ook in de richting van de zoutbedrijven. Dat is de lijn en de les die je leert van Groningen."

Spesjalist boaiemdelgong Adriaan Houtenbos leaut dêr hielendal neat fan. "Nog steeds gebeuren er dingen die niet waren voorzien. De onzekerheden rond de zoutwinning worden nog keer op keer onder tafel geschoven. Exact zoals bij het gas is gebeurd en nog steeds gebeurt. Dat lesje is echt niet geleerd."

Dizze wike publisearret Omrop Fryslân ferhalen oer de ferskillende kanten fan de sâltwinning yn Fryslân. Dit is diel ien fan ús ûndersyk. Letter dizze moandei litte we sjen dat Fryslân hast hielendal ferjûn is oan mynboubedriuwen.

De fjouwer noardlike regionale omroppen setten earder dit jier met ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel koenen in ûnderwerp pitche dêr't se fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de belangen fan de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen. Yn alle fjouwer de provinsjes spylje ferhalen dy't te krijen ha mei de gefolgen fan sâltwinning.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân wienen begjin dizze iuw in soad protesten tsjin de sâltwinning om't bewenners fan it wingebiet skea oan har huzen hienen, en by boeren yn kombinaasje mei swiere reinfal de grûn ûnder wetter kaam te stean. Ek hjir ferrûn de boaiemdelgong flugger as it mynboubedriuw foarsein hie.

Steatskas

In belangryk ferskil mei de ierdgaswinning is dat de sâltwinning Nederlân folle minder opsmyt. Ierdgas hat goed west foar in bydrage oan de steatskas fan 417 miljard euro, sûnt 1965. Sâlt wie al betiid yn de Nederlânske skiednis in belangryk elsportprodukt, mar de bedriuwen dy't tsjintwurdich yn Nederland sâlt winne (Frisia yn Fryslân, Nedmag yn Grinslân en Drinte en Nouryon yn Twinte) hawwe allegearre in bûtenlânsk memmebedriuw. Finansjele opbringsten ferdwine dus ek foar in grut part út ús lân.

It belang fan it sâlt is wol grut yn de gemyske yndustry, dêr't it ûnmisber yn produksje fan grûnstoffen foar bygelyks keunststof en glês. Neffens Durk van Tuinen, direkteur fan Frisia yn Harns, is it Fryske sâlt boppedat sa suver dat it amper behanneling nedich hat foar't it fierder ferwurke wurdt. Dêrmei foldocht it oan strangere doelstellingen op it mêd fan duorsumens.

(advertinsje)
(advertinsje)