Sechsde oerwinning op rige foar UNIS Flyers

13 okt 2019 - 22:18

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn harren sechsde oerwinning op rige boekt. Yn de bekerwedstriid tsjin de Tilburg Trappers waard it 1-10.

Foto: www.orangepictures.nl

It wie fuortendaliks al dúdlik dat de Flyers de sterkste wiene. Oan de ein fan de earste perioade stie it 0-6 foar de ploech fan It Hearrenfean. De goals waarden makke troch Trevor Petersen (2x), Aldo van Aalderen (2x), Pim van der Meulen en Adam Bezák.

De tsjinstanner slagge der yn de twadde perioade yn om in puntsje te skoaren, mar ek yn dizze ronde hiene de Flyers de oerhân. Mei goals fan Jasper Nordemann, Trevor Petersen en Ronald Wurm stie it oan de ein fan de twadde perioade 1-9.

Yn de tredde perioade kamen de Trappers der lykwols net mear oan te pas. Petersen skoarde noch in kear en sette dêrmei de einstân op 1-10.

Ofrûne sneon wûnen de Flyers ek al. Doe wiene se mei 2-1 te sterk foar Hijs Hokij Den Haag. Freed komt UNIS Flyers wer yn aksje. Dan nimt de ploech it thús yn Thialf op tsjin Microz Eaters Geleen.

(advertinsje)
(advertinsje)