Plysje hâldt man oan nei warskôgingsskot yn Grou

De plysje hat sneintejûn in fertochte fan bedriging oanhâlden by it stasjon fan Grou. De man hie koart dêrfoar in oare man mei in mes bedrige.
It stasjon fan Grou-Jirnsum © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It slachtoffer koe ûntkomme troch yn de trein te stappen, wêrnei't er de plysje belle. Om de dieder oanhâlde te kinnen, moast de plysje in warskôgingsskot losse. De man is dêrnei meinaam foar ferhear. De plysje docht no ûndersyk.