Brân yn skuorre by Hoarnstersweach rap ûnder kontrôle

13 okt 2019 - 21:23

By in buorkerij oan de Miedwei by Hoarnstersweach hat sneintejûn koart brân west. Neffens de brânwacht gie it om in lânboufehikel yn in skuorre.

Foto: De Vries Media

De brânwacht wie manmachtich útriden. Omdat it gefaar bestie dat it fjoer oersloech nei de feestâl neist de loads, waard der opskaald nei 'grutte brân'. It fjoer wie lykwols rap ûnder kontrôle en de brânwacht hat yntusken it sein 'brân master' jûn.

Trefwurden: 
brân skuorre Boarnstersweach
(advertinsje)
(advertinsje)