Dokkumer (20) oanhâlden nei pisjen oer plysje-auto

13 okt 2019 - 17:51

In besiker fan it feest Loadsrock yn Ginnum hat yn de nacht fan sneon op snein oer in plysje-auto hinne pisse. It ynsidint waard filme en op sosjale media setten. De man waard herkend, wêrtroch't de plysje him de folgjende dei al oanhâlde koe.

Foto: Screenshot Dumpert

De plysje gie snein fuortendaliks op 'e syk nei de man. "Aangezien wij aangenomen zijn als opsporingsambtenaar hebben we dat dan ook maar waar gemaakt", skreaune se op Instagram.

It giet om in 20-jierrige Dokkumer. Hy is meinaam nei it buro foar ferhear. Dêr lei er in ferklearring ôf en ûntfong er in proses-ferbaal.

(advertinsje)
(advertinsje)