Auto ferdwynt ûnder wetter yn trekfeart by Aldwâld

13 okt 2019 - 16:51

In auto is sneintemiddei yn de trekfeart neist de N910 bedarre. De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer en ried de wetter yn. Sy koe op eigen krêft út de auto en op it drûge komme.

De bestjoerder ried yn 'e rjochting fan Kollum doe't it misgie. Neffens omstanners soe se flink slingere hawwe. De auto kaam yn it wetter telâne en ferdwûn al gau folslein ûnder wetter.

De bestjoerder koe sels út de auto komme, mar hoe't sy deroan ta is, is net bekend. Sy is neisjoen troch ambulânsepersoniel. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. De auto is yntusken út it wetter takele.

Trefwurden: 
Aldwâld Trekwei trekfeart N910
(advertinsje)
(advertinsje)