Folslein Nederlânsk poadium op World Solar Challenge yn Australië

13 okt 2019 - 16:04

Op de earste dei fan de World Solar Challenge yn Australië giene alle poadiumplakken nei de Nederlânske teams. De sinne-auto's fan Solar Team Twente, Vattenfall Solar Team en Top Dutch Solar Racing binne snein as earste trochkommen by de kontrôlepost 'Katherine'.

Foto: ANP

De World Solar Challenge is in 3.000 kilometer lange race mei sinne-auto's, fan Darwin yn it noarden nei Adelaide yn it suden fan Australië. De dielnimmers wiene sneontenacht úteinset mei de wedstriid. It team fan Top Dutch mocht op pole position begjinne, mar it wie de lytse auto fan Solar Team Twente dy't as earste de kontrôlepost 'Katherine' oandie. Se wiene in pear minuten earder as de auto's fan de noarderlingen. It Vattenfall-team waard twadde, Top Dutch tredde. Oan alle trije teams dogge Friezen mei.

Reparaasje

Willem Jelle Bellinga fan Koudum heart by it Vattenfall Solar Team fan de Technyske Universiteit yn Delft. "We hawwe in enoarm goede dei draaid, in hiel soad teams ynhelle. Mar we hiene ek spannende mominten. We hawwe stilstien omdat we in reparaasje dwaan moasten. Doe waarden we ynhelle troch twa konfoaien. Mar troch by in stopljocht goed foar te sortearjen, koene we dy wer ynhelje."

Iepenbiere dyk

It moaie oan de wedstriid is neffens Bellinga dat dy riden wurdt op de iepenbiere dyk. "Dat betsjut dat we goed oplette moatte wat it normale ferkear oan it dwaan is. Der ride twa strategen achter de sinne-auto oan. Dy meitsje kontinu berekkeningen, wêrby't se rekken hâlde mei bygelyks frachtweinen foar ús, files of wurksumens oan de dyk", fertelt er.

Moandei om 8.00 oere lokale tiid giet de race wer fierder en sette de sinne-auto's ôf nei de twadde kontrôlepost, Daly Waters.

(advertinsje)
(advertinsje)