Sanders Arends grypt neist dûbeldtitel

13 okt 2019 - 15:37

Tennisser Sander Arends hat op it challenger toernoai yn Frankryk net de dûbeldtitel bemachtigje kind. De Ljouwerter slagge der mei syn dûbeldmaat David Pel net yn om de Britten Jonny O'Mara en Ken Skupski te ferslaan. It waard 6-1 en 6-4.

Foto: Orange Pictures

It gie Arends en Pel dit kear net foar de wyn. De Britten O'Mara en Skupski wiene yn de einstriid dúdlik in klasse better.

Folgjende wike komt Arends wer yn aksje. Dan spilet er it ATP-toernoai yn Antwerpen.

(advertinsje)
(advertinsje)