Fryske boere-aksje kriget neifolging yn acht provinsjes

13 okt 2019 - 13:36

De LTO Noard ropt op ta boere-aksjes yn acht provinsjes boppe de grutte rivieren. Boeren dêr moatte om tolve oere by de provinsjehuzen wêze. Dat seit Trienke Elshof fan de LTO yn it radioprogramma Buro de Vries. Oan de oprop fan de LTO "wurdt behoarlik gehoar jûn", sa't Elshof it sels ynskat. Mei dizze aksje kriget de Fryske boere-aksje fan freed yn Ljouwert neifolging yn in grut diel fan Nederlân.

Foto: Kappers Media

De LTO sil moandei op de acht provinsjehuzen in petysje oanbiede. Se wolle dêrmei berikke dat de provinsjes de stikstofôfspraken ynlûke. "Doch as provinsje in stapke tebek en wachtsje earst lanlik belied ôf", seit Trienke Elshof. Dêrmei ropt de LTO de oare provinsjes op om itselde te dwaan as Fryslân. De oprop jildt foar de provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân, Utrecht, Noard-Hollân, Súd-Hollân en Flevolân. Yn Seelân en Limburch sille boeren tiisdei aksje fiere by de provinsjehuzen.

Lilke boeren blokkearren freed mei trekkers it provinsjehûs yn Ljouwert en giene de hal fan it provinsjehûs yn. De boeren protestearren tsjin de gong fan saken om it stikstofbeslút hinne. Deputearre Kramer hat dêrop syn hantekening ûnder it stikstofbeslút ynlutsen, dat alle provinsjes mei-inoar ôfpraat hiene.

De maatregels fan de provinsje gean fierder as wat de minister bedoelde yn har brief oan de Twadde Keamer, seit VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries. De Keamer debattearret tongersdei oer it brief. Dan moat dúdlik wurde wat de minister bedoelt.

Trienke Elshof oer de boere-aksjes

(advertinsje)
(advertinsje)