Jonge (14) skynt mei laserpinne op plysje

13 okt 2019 - 10:38

De plysje hat dit wykein in jonge fan 14 jier oanhâlden om't er mei in laserpinne oan it skinen wie.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De plysje wie yn de nacht fan freed op sneon yn sân hasten ûnderweis, doe't der mei in laser yn de auto skynd waard. In twadde plysje-auto koe de auto dêr't it laserskynsel út wei kaam, fine en by Hurdegaryp oan de kant sette.

Ut ûndersyk die bliken dat in 14-jierrige jonge de skuldige wie. Syn pinne is yn beslach naam, en hy moat him melde by buro HALT.

Trefwurden: 
plysje Hurdegaryp laserpinne
(advertinsje)
(advertinsje)