Ald-Amelanner seit oplossing stikstofprobleem te hawwen mei nij plan foar tunnels

In nij tunnelplan foar de Waadeilannen moat de oplossing wêze foar it stikstofprobleem en de minne berikberens fan de eilannen. Dat fynt alteast de ûntwikkeler fan it idee, âld-Amelanner Cor de Jong. Syn foarstel giet folle fierder as it plan dat earder bekend waard oer in tunnel nei It Amelân.
As Waddonia der komt, soe in grut part fan de Waadsee drûchlein wurde © Persbureau Ameland, Jeanet de Jong
In tunnel nei It Amelân wie al earder praat fan, mar âld-Amelanner Cor de Jong docht der noch in grutte skep boppe-op. Hy lansearret it idee foar mar leafst tsien koarte tunnels foar de fiif Waadeilannen. Dy tunnels stean yn ferbining mei in nij lang eilân yn de Waadsee. 'Waddonia' soe komme moatte tusken de fêstewâl en de eilannen. It is net foar bewenning. Der soe in fleanfjild, in wynmûnepark, in sinnepark en in bosk komme moatte.
It plan soe de oplossing wêze moatte foar it stikstofprobleem, seit De Jong. Hy hat it útwurke idee nei minister Cora van Nieuwenhuizen fan ferkear en wettersteat stjoerd, nei ferskate Twadde Keamerleden en nei de boargemasters fan de Waadeilannen. Oan de politisy en bestjoerders jout er de folgjende wurden mei: "Als u dit plan durft uit te voeren, lost u veel problemen tegelijk op. Er is zoveel compensatie, dat de bouwers en de boeren weer aan de slag kunnen."