Boekekast #3: De Achttjin fan Aggie van der Meer

13 okt 2019 - 08:58

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze tredde Boekekast in fragmint út 'De Achttjin' fan Gysbert Japicxpriis-winneres Aggie van der Meer. Albert Jensma lêst it foar.

Yn 'De Achttjin' stiet de situaasje nei de selsferbaarning fan Jan Palach yn Tsjecho-Slowakije sintraal. De tiid nei't Moskou yn 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde 'Praachske Maitiid'. Ferenc Hacha, fan Joadske kom-ôf en as jonkje mei syn âlden út Dútslân wei nei Praach flechte, keas foar it kommunisme en klom yn 'e oanrin nei de Praachske Maitiid op ta lid fan it Politburo, dat achttjin leden telt.

De teloarstelling oer it ûntbrekken fan it oarspronklik kommunistysk ideaal spilet op as de achttjin Politburoleden de neitins oan Jan Palach fertocht meitsje moatte om tefoaren te kommen dat er in heldestatus krijt. De iensume striid fan Ferenc Hacha tsjin de oaren yn it Politburo en de kommunistyske partij stiet sintraal yn it ferhaal. It is de striid om it behâld fan syn eigenwearde.

Aggie van der Meer

Aggie van der Meer debutearre yn 1964 mei it berneboek 'It kemiel fan omke Romke'. It measte literêre wurk fan de skriuwster datearret lykwols fan nei 2000. Se skriuwt poëzy, romans, novellen en toanielstikken. Op 16 novimber krijt Van der Meer de Gysbert Jabicxpriis 2019 foar har folsleine oeuvre. Yn 2011 wûn de skriuwster ek al de Piter Jellespriis foar de roman 'Oerfeart'.

Sjochtip: Fryslân DOK

Takom wykein stiet Aggie van der Meer sintraal yn Fryslân DOK. De dokumintêre 'Skrinende ferealens' is op 19 oktober 15.30 oere te sjen op NPO2 en op 20 oktober om 17.00 oere op Omrop Fryslân.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)