Flyers winne nei penalty-shots fan Hijs Hokij

12 okt 2019 - 23:00

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneontejûn yn de bekerkompetysje mei 2-1 wûn fan Hijs Hokij Den Haag. Nei trije perioades en in overtime stie it noch altyd 1-1, wêrtroch't penalty-shots de wedstriid beslikken.

UNIS Flyers tsjin Hijs Hokij Den Haag - Foto: Martin de Jong

De foarige wedstriid tusken de teams wie spannend en it waard úteinlik 3-2 foar de Flyers. Krekt as doe wiene de teams sneon oaninoar weage. De earste goal foel nei 22 minuten, doe't de Flyers in flater makken yn de opbou en Van Schilt de 0-1 foar Den Haag op it skoareboerd sette koe.

Krekt foar it skoft kaam Flyers wer op likense hichte troch in goal fan Pippo Limnell Finocchiaro. Der waard dêrnei net mear skoard, dus waard de wedstriid yn overtime beslikke. Wol moast Limnell krekt foar tiid fan it iis ôf, krekt as Roosendaal fan Hijs. In duel tusken de twa rûn út de hân wêrtroch't se beide 12 minuten nei de kant moasten.

Penalty-shots

Ek yn de overtime waard net skoard, dus moast de wedstriid beslikke wurde op basis fan penalty-shots. Troch sterk optreden fan keepers Oosterwijk fan Flyers en Magnus fan Hijs en in tal missers duorre it lang oant in penalty deryn siet. Uteinlik wist Juha Kiilholma dat foainoar te krijen en sa de oerwinning foar de Flyers binnen te heljen.

Unferslein

De Flyers wiene nei fiif wedstriden noch ûnferslein. Snein spylje de Flyers de folgjende wedstriid yn de bekerkompetysje tsjin it Tilburg Trappers Toekomstteam.

(advertinsje)
(advertinsje)