Ambulânsehelikopter lânet op 'e dyk by Drachten fanwege min waar

12 okt 2019 - 20:48

In ambulânsehelikopter hat sneontejûn in needstop makke op 'e dyk yn Drachten, omdat it er net fierder fleane koe fanwege it minne waar.

Foto: SrFotografie

De helikopter hie in pasjint ophelle op Skylge. It minne waar twong de piloaten der lykwols ta om in needstop te meitsjen. Se lânen op de Ottoleane yn Drachten. Dêr stie in ambulânse harren op te wachtsjen om de pasjint fierder te ferfieren nei it sikehûs yn Grins. De helikopter is werom flein nei de fleanbasis fan Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)