VC Snits ferliest earste earedifyzjewedstriid

12 okt 2019 - 22:22

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn harren earste earedifyzjewedstriid ferlern fan Alterno út Apeldoorn. Mei setstannen fan 16-25, 20-25, 25-20, 25-16 en 15-13 waard it 3-2.

Foto: VC Sneek

De wedstriid sette reedlik goed útein foar de ploech út Apeldoorn. Mar de Snitsers slaggen der al gau yn om dêr in dûk yn te slaan. Dy wûnen de set oertsjûgjend mei 16-25. Ek de twadde set waard wûn troch de Friezen: 20-25.

Yn de tredde en fjirde set like Alterno him herpakken. Dy wûnen se mei 23-17 en 25-16. De fyfde en beslissende set gie lang lykop, mar gie úteinlik ek nei de ploech út Gelderlân. Dêrmei gie de winst nei de tsjinstanner.

Kommende woansdei komme de Snitsers wer yn aksje. Dan nimme se it yn eigen hûs op tsjin Sliedrecht Sport.

(advertinsje)
(advertinsje)