Aris wit net te stunten tsjin Leiden

12 okt 2019 - 22:11

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn ferlern fan Leiden. Hoewol't de Ljouwerters yn it tredde kwart tichtby kamen, ferlearen se mei 66-77.

Leiden stie it hiele earste kwart foar. It kaam efkes ta in foarsprong fan tsien punten, mar Aris kaam dêrnei wer werom en gie mei 14-19 it twadde kwart yn. De Ljouwerters koene dat lykwols net folhâlde. Leiden rûn foar it skoft út ta 30-45.

Sterk tredde kwart

Aris kaam yn in sterk tredde kwart langsumoan tichterby, oant it ferskil noch mar fjouwer punten wie (56-60, by it ein fan it kwart). De Ljouwerters koene yn it lêste part fan de wedstriid lykwols net lyk komme. It wie opnij Leiden dat útrûn nei 56-71. Aris pakte dêrnei ek noch wol wat punten, mar it wie net genôch en se ferlearen úteinlik mei 66-77.

Aris hat dit seizoen noch altyd gjin kompetysjewedstriid wûn en stiet dêrtroch ien nei lêste yn de Dutch Basketbal League, foar Apollo Amsterdam.

Trefwurden: 
Aris basketbal Leiden
(advertinsje)
(advertinsje)