FIDEO: Goalgetter Fenna Kalma sjit ek by FC Twente mei skerp

Se is noch mar 19 jier, mar spilet foar de kampioen fan Nederlân, skoarde al yn de Champions League én waard oproppen foar it Nederlânsk alvetal. Fenna Kalma fan Haskerhoarne libbet har fuotbaldream by FC Twente.
Fenna Kalma
Ofrûne simmer makke se de oerstap fan SC Hearrenfean nei de Tukkers en freedtejûn wie se foar it earst werom op Sportpark Skoatterwâld. Se die har âlde ploech sear mei twa doelpunten. Dêrmei set se har seizoenstotaal op fyftjin(!) goals yn alve wedstriden. In portret fan Fenna Kalma, dy't libbet foar goals...