LTO Noord ropt boeren yn oare provinsjes ek op ta protest

12 okt 2019 - 19:35

Lânbou-organisaasje LTO Noord ropt leden op om kommende moandei om 12.00 oere te demonstrearjen by provinsjehuzen. De organisaasje, mei 14.000 leden, wol dat de provinsjale beliedsregels oer stikstof fan tafel helle wurde. Ofrûne freed protestearren boeren yn Fryslân en Noard-Brabân al.

Foto: Kappers Media

It protest yn Ljouwert liede derta dat de stikstofmaatregels ynlutsen waarden. "Dit zou een wake-upcall moeten zijn voor alle provincies", seit foarsitter fan LTO Noord Dirk Bruins. "We zijn het zat dat de overheid niet naar ons luistert en dat de provincies vervolgens ook nog eens de eigen interpretatie van de beleidsregels geeft is voor ons de druppel."

It is net bekend hoefolle boeren gehoar jaan sille oan de oprop. De Fryske boeren bliuwe thús, om't de regels hjir al fan tafel binne. Agrariërs yn Seelân witte noch net oft se meidwaan sille. De Limburgse Land- en Tuinbouwbond meldt dat boeren út dat gebiet net moandei, mar tiisdei nei it provinsjehûs sille om te protestearjen. Der wurdt dan ek in petysje oanbean oan de leden fan de Deputearre Steaten fan de provinsje Limboarch. De bûn freget boeren om mei de trekker te kommen.

It is net foar it earst dat de boeren protestearje tsjin it stikstofbelied. Op 1 oktober giene boeren út it hiele lân manmachtich nei Den Haag om te demonstrearjen. Dy aksje soarge foar in soad file en opûnthâld. Ek foar woansdei 16 oktober is der protest oankundige. Boeren wolle har dan moarns sammelje by it RIVM yn Bilthoven, om dêr aksje te fieren. Middeis ride se dan troch nei Den Haag om by de Twadde Keamer te demonstrearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)