Schootstra oer penalty: "Die scheids was een mierenneuker"

12 okt 2019 - 19:03

Sa treasteleas as it waar, sa treasteleas ferrûn de wedstriid Bûtenpost - Urk foar de thúsploech. 'De Blaukes' ferlearen mei leafst 8-0 en dy útslach wie net iens flattearre.

Skiedsrjochter Gert Keijl hie mei syn beslissings grutte ynfloed op it wedstriidferrin. Keijl joech Urk yn de begjinfaze in strafskop en stjoerde Bûtenpost-ferdigener Danny Boersma binnen it healoere mei twa kear giel fan it fjild.

Oanfierder Berend Schootstra wie nei ôfrin min te sprekken oer Keijl, benammen om syn beslút om Urk in penalty te jaan: "Het was 100 procent een overtreding, maar het was buiten de zestien. Hij had dus geen penalty mogen geven. Kijk het ligt altijd aan jezelf, maar die scheids was een mierenneuker."

Ek trainer Jasper Bouma fan Bûtenpost koe him dêryn fine: "Foar de wedstriid wie hy al oan it kleien dat we te let út de klaaikeamers kamen." Ek de reade kaart foar Danny Boersma wie neffens Bouma net terjochte: "Ik fûn dy twadde giele kaart fierstente swier."

4 punten út 7 wedstriden

Mei 11 tsjin 11 wie it foar Bûtenpost al dreech en stie it al mei 2-0 efter. Nei de reade kaart rûn Urk út nei 8-0. In kânsleaze middei dus foar Bûtenpost. De ploech hat no 4 punten út 7 wedstriden en dat is like folle as ferline seizoen. "En toen zijn we er ook in gebleven", seit Schootstra optimistysk. "Als we onze vorm terugkrijgen, dan weet ik zeker dat we het iedere tegenstander lastig kunnen maken."

Trefwurden: 
fuotbal VV Bûtenpost Urk
(advertinsje)
(advertinsje)