Theo Mulder: "Ynkrimping fan de feesteapel is net de oplossing"

It stikstofprobleem oplosse troch de helte fan de bedriuwen te sluten, is in striemin plan. Dat seit Theo Mulder, foarsitter fan Symphony of Soils, in groep dy't him dwaande hâldt mei behâld en herstel fan de boaiem. Neffens Mulder moat de oandacht útgean nei better gebrûk fan stront en jarre en nei fermindering fan it gebrûk fan keunstdong.
stikstofprobleem Theo Mulder
Op dy wize giet de útstjit fan ammoniak omleech en wurdt de grûn sûner. Sûne grûn nimt mear CO2 op en stjit minder ammoniak út. Troch bedriuwen te sluten, nimt de hoemannichte beskikbere stront allinnich mar ôf en dat moat krekt net. Mulder leit út hoe't de lânbou yn dizze situaasje telâne kaam is.
"Nei de Twadde Wrâldoarloch hiene we honger en dat soe net wer. Doe hawwe we de fiedselproduksje yn Nederlân ferdûbele", fertelt Mulder. "Dat is benammen dien mei it struien fan mear keunstdong. Dêrtroch is de effisjinsje fan de bedonging omleech gien en hiene we minder oandacht foar stront. En elke boer wit: dy't net donget, dy't net ponget. Stront is net it probleem, it is in part fan de oplossing."

"Ynkrimping feesteapel net de oplossing"

Eartiids hiene boeren net genôch dong en dêrom moast der keunstdong by. "No hawwe we mear bisten, dus hawwe we ek mear stront. De lânbou hat ek stront nedich. Dus it plan fan de polityk om de feesteapel mei de helte werom te bringen, is absolút de oplossing net. We hawwe dy stront nedich en wy moatte besykje suniger mei keunstdong om te gean."
Theo Mulder is foarsitter fan Symphony of Soils © Hendrik & Theo Mulder yn harren Agrowinkel
Mulder ûnderkent it probleem fan ammoniakútstjit yn de stallen. Mar dat kin neffens him hiel goed oanpakt wurde mei baktearjes dy't ammoniak bine. Dy kinne geskikt makke wurde foar gebrûk op it lân. It skieden fan stront en jarre helpt ek mei, omdat der dan gjin of folle minder ammoniak ûntstiet.

Trije rûtes

Neffens Mulder moatte boeren ek besykje minder stikstof fan bûten ôf yn de buorkerij te stekken. "De dong dy't de boer hat, moat er sa goed mooglik brûke." Sa kin de boer ynsette op planten en blommen lykas klaver, dy't de stikstof út de loft helje. "En dan kinne we ek noch besykje de kij safolle mooglik gers te jaan yn stee fan mais. Dan hoechst ek wer minder stikstof yn it krêftfoer oan te fieren. Der binne dus trije rûtes dêr'tst de stikstof fan bûten ôf mei ferminderje kinst.
In soad boeren binne bang dat dy oplossingen derfoar soargje sille dat se net genôch foer mear hawwe foar harren kij. "Dat falt hiel bot ta. De ôfrûne tweintich jier hawwe we al de helte minder stikstof útstjitten. We hawwe al in enoarme prestaasje delsetten. As we dat de kommende tsien jier bygelyks nochris dwaan kinne, skeelt dat in soad gas foar it meitsjen fan keunstdong."

Mjittings

Mulder seit de mjittings fan it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, net te fertrouwen. "Ammoniak is in gas dat relatyf swier is. It measte slacht om de buorkerijen hinne del. It is dus mar de fraach oft de stikstofdelslach yn natuergebieten fan de buorkerijen ôfkomstich is."
De ynset fan natuerlike dong soarget foar humusfoarming, dus in folle sûnere grûn. Dy is net allinnich yn steat om CO2 en stikstof op te nimmen, mar hâldt ek folle better wetter fêst. "Dat is sawol yn drûge as wiete tiden in grut foardiel", seit Mulder.
Theo Mulder
Mulder hopet dat de polityk op tiid ynsjocht dat it sluten fan feehâlderijen net de oplossing is foar it stikstofprobleem. Mar wol de oergong nei in kringlooplânbou werby't keunstdong in hieltyd lytsere rol spylje sil en natuerlik dong in gruttere.
Hy makket him der soargen oer oft dit op tiid ynsjoen wurdt. "As de lânboubedriuwen ien kear fuort binne, kinst se net samar werom helje. Dan is it te let. Ik ha it idee dat de polityk op dit stuit net op rasjonele basis besluten nimt, mar dat dit plak fynt op basis fan emoasjes."