ONS Snits ferliest opnij en bliuwt hikkesluter

12 okt 2019 - 17:10

It is ONS Snits noch net slagge om de earste oerwinning fan it seizoen te pakken. De ploech ferlear opnij, no fan Lisse. It waard 4-1.

Denzel Prijor yn duel mei Kubilay Köylü - Foto: www.orange-pictures.nl

Sawol ONS as Lisse wiene in oantal kear gefaarlik. De earste goal kaam lykwols pas krekt foar it skoft, doe't Tom Noordhoff Lisse op 1-0 sette.

Nei it skoft wreide Lisse dy foarsprong fierder út. Yn de 49e minút makke Jeffrey Klijbroek de 2-0, al gau folge troch goals fan Kubilay Köylü en Rik Vermeulen. Sa stie it nei in oere 4-0. Yn de lêste minút rêde Genridge Prijor de eare troch noch 4-1 te meitsjen.

Hikkesluter

ONS soe sneon de earste oerwinning fan it seizoen pakke, tocht ferdigener Oege Sietse van Lingen. Omdat der lykwols opnij ferlern waard, bliuwt ONS hikkesluter yn de tredde difyzje mei trije punten út sân wedstriiden.

(advertinsje)
(advertinsje)