Bûtenpost op eigen fjild kânsleas tsjin Urk

VV Bûtenpost is op eigen fjild hurd ûnderút gien tsjin SV Urk. De 'Blaukes' ferlearen mei leafst 0-8.
© Omrop Fryslân
Bûtenpost kaam nei tsien minuten op efterstân, doe't Jelmer Vos in penalty weijoech. Riekelt-Jan Brands fersulvere dy. Tsien minuten letter waard it ek al 0-2 troch in frije traap. William de Boer krolle de bal fan 25 meter lâns de keeper.

Betide reade kaart

Danny Boersma fan Bûtenpost, dy't yn it begjin fan de wedstriid al giel krige foar prate tsjin de skiedsrjochter, krige nei 25 minuten syn twadde giele kaart, foar in oertrêding. Foar skoft waard it noch 0-3 doe't Jan van Slooten in foarset binnen kopte.

Noch mear goals

Urk wie blykber noch net tefreden mei dy grutte foarsprong, want it gong gewoan troch mei skoaren. Fia doelpunten fan William de Boer (twa kear) en Jelle de Boer wie it nei in goed oere spyljen al 0-6. Bûtenpost krige dêrnei noch wol wat kânskes mar it wie Urk dat wer ta skoaren kaam.
Jelle de Boer soarge foar de 0-7, folge troch Marinus Snoek dy't in frije traap geweldich binnen skeat en sa de 0-8 einstân op it skoareboerd sette.