Harkemase Boys hurd ûnderút tsjin ODIN'59

Harkemase Boys is op it eigen sportpark De Bosk hurd ûnderút gien tsjin ODIN'59. De Heemskerkers wiene mei 0-6 te sterk.
Spilers fan Harkemase Boys bale nei alwer in tsjingoal © www.orange-pictures.nl
De Harkiten begûnen al striemin, wat binnen in minút kaam ODIN op foarsprong. Fia in lange bal fan harren keeper koe Sietse Brandsma de 0-1 binnen sjitte. Hoewol't beide ploegen noch kânsen krigen foar it skoft, wie it ODIN dat noch ris skoarde. Jim Hulleman stie hielendal frij en koe sa de 0-2 rêststân binnen tikje.

Grutte útslach

Krekt nei skoft waard it 0-3 troch in kopbal fan Dustin Mijnders en in kertier letter wie it wer raak, doe't opnij Sietse Brandsma in foarset ôfrûne. ODIN wie doe noch net klear want fiif minuten letter soarge Jayson Halman ek noch foar de 0-5. Tsien minuten foar tiid waard it sels noch 0-6 troch Dustin Mijnders.