Green Lighting begjint op pole position

12 okt 2019 - 16:14

De sinne-auto fan Top Dutch Solar Racing begjint snein yn it Australyske Darwin op pole position oan de World Solar Challenge. Dat skriuwt RTV Noord. It team, mei dêryn ek studinten fan it Friesland College, hat pole wûn troch de kwalifikaasjeronde te winnen.

Foto: Ronny Benjamins

De sinne-auto, mei de namme Green Lightning, is in gearwurking tusken ferskate noardlike ûnderwiisynstellings, bedriuwen en oerheden. Mei in nij parcoursrekôr fan 1:51 minuten bleau Top Dutch de 42 konkurrearjende teams goed tsien sekonden foar.

De sinnewein fan de noardelingen helle in topsnelheid fan 142 kilometer de oere.

(advertinsje)
(advertinsje)