Chantal Vellinga útroppen ta turntrainer fan it jier

12 okt 2019 - 15:40

Turntrainster Chantal Vellinga fan Gymnastiekvereniging Leeuwarden is ferkeazen ta coach/trainster fan it jier troch de KNGU, de Koninklijke Nederlandse Gymnastiekunie. Dat is sneontemoarn bekend makke by it lanlike evenemint The Coach yn Amsterdam.

Foto: Gymnastiekvereniging Leeuwarden

Yn totaal wiene der 250 trainers opjûn foar de wedstriid. Vellinga wie ien fan de trije oerbleaune nominearre kandidaten. Uteinlik krige sy de measte stimmen. "Het was een grote verrassing! Alles eromheen was voor mij al fantastisch. Maar dan win je ook nog... Dat is helemaal fanastisch!", fertelt Vellinga entûsjast.

Vellinga set hat al 17 jier yn foar de turners fan GVL. Neffens de klup set se har op in profesjonele manier yn om bern op elts nivo it turnjen te learen. De wille yn de sport stiet dêrby foarop. Ferskate springteams ûnder lieding fan Chantal Vellinga binne de ôfrûne jierren nasjonaal kampioen wurden.

"Eigenlijk is het een beetje een kroontje op je werk. Ik doe het al zo veel jaar met zo veel plezier. Het is fantastisch dat zo veel mensen hun stem dan op je uitbrengen."

Chantal Vellinga fertelt oer har oerwinning

(advertinsje)
(advertinsje)