Berltsumer muzykferiening spilet klassyk yn de kas

12 okt 2019 - 15:29

De leden fan muzykferiening Op Maat hawwe de ôfrûne tiid drok repetearre op stikken dy't se net sa faak spylje: begeliedingsmuzyk foar klassyk oplate sjongers en sjongeressen. Sneontejûn en sneintemiddei wurde twa konserten jûn yn in kas by Bitgum ûnder de titel 'Klassiek in de kas'.

dirigint Gatse Hylkema - Foto: Omrop Fryslân

Artistyk lieder fan it projekt is Albert Bonnema. Hy hat ferline jier de muzykteäterfoarstelling 'De Klokken fan Berltsum' regissearre. Doe wie der ek al in gearwurking mei de muzikanten fan Op Maat. Dy gearwurking krijt dit wykein in ferfolch.

Foar dirigint Gatse Hylkema is it in moaie, mar ek drege útdaging: "In sjonger begeliede, is hiel wat oars as in koraal spylje. De meldijline is der net, dus pas as derby songen wurdt, hearst hoe't it echt klinkt."

Der wurdt mar ien kear repetearre mei de sang derby en dat is ek in ferskil mei oare konserten. "Gewoanwei repetearrest in perioade en krijst troch dy repetysjes en troch hoe't it klinkt, ynspiraasje. Dat ûntbrekt no. Dat is ek de reden dat ik no sa no en dan wat flaterkes fleane lit. Ik wit dat it wol goed komt, as dy sang der aansten by komt."

65 jier lid

Evert van Schepen is al 65 jier lid fan de fanfare en hat in protte nocht oan dit soart spesjale projekten. "Ferline jier mei 'De Klokken fan Berltsum' wie ek geweldich. In hiel soad minsken hawwe it sjoen en ik waard der ek bûten Berltsum op oansprutsen."

Evert van Schepen is al 65 jier lid fan de fanfare - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Jaap Akkerman jout oan dat it fan de lêste jierren is dat Op Maat meiwurket oan soksoarte spesjale konserten en dan giet it net allinne om tradisjonele of klassike konserten. "Ferline jier hawwe we meiwurke oan in popjûn en dat wie ek prachtich. Wy hawwe leden fan jong oant âld, fan 12 oant 75 jier en der moat ek foar elkenien wat oan wêze."

Muzykferiening Op Maat

In lange reportaazje oer de repetysje fan Op Maat foar "Klassiek in de kas" is snein 13 oktober te hearren yn it radioprogramma Buro de Vries, fan 11:00 oant 12:00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)