Auto slacht oer de kop by Wergea

Op de Wartenserdyk by Wergea is sneontemiddei in auto oer de kop flein. De wein rekke hjirby ek in beam.
© De Vries Media
De bestjoerder fan de auto koe mei help fan omstanners út de auto komme. Brânwachtlju hawwe yn de sleat socht nei eventuele oare slachtoffers, mar der waard net ien oantroffen. De bestjoerder rekke neffens tsjûgen slim ferwûne, en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.