Skjinmakaksje yn Fryske wetters: frijwilligers helje rotsoai boppe wetter

12 okt 2019 - 14:14

Friezen moatte harsels mear bewust wurde wat de gefolgen binne fan ôffal dat yn it wetter telâne komt. Troch de grutte skjinmakaksje fan sneon op sân ferskate plakken yn Fryslân hoopje de Friese Milieufederatie, Wetterskip Fryslân en ferskate gemeenten bewustwêzen ûnder de minsken te berikken. Yn totaal is der sneon 3.951 kilo ôffal opfiske.

De skjinmakaksje hat de namme Skjin Wetter meikrigen. De sân plakken dêr't smoargens út it wetter wei helle wurde, binne Drachten, It Hearrenfean, De Lemmer, Sint-Anne, Kollum, De Westereen en Harns.

Alle jierren bedarje miljoenen tonnen rotsoai yn de see. Dat ôffal is foar in part smoargens dat op strjitte smiten wurdt. De swalkôffal dy't minsken yn Fryslân op strjitte smite, kin sa bydrage oan de 'plastik sop' yn see.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by de ôftraap fan de hekkelaksje yn Harns

(advertinsje)
(advertinsje)