Sven Kramer ferwûne by oanriding

12 okt 2019 - 13:55

Sven Kramer is sneontemoarn yn Inzell oanriden troch in auto. Hy is hjirby ferwûne rekke oan 'e knibbel. De auto kaam út in útrit, mar joech de Fryske reedrider gjin foarrang, wêrtroch't in ûngelok net mear te mijen wie.

Foto: www.orange-pictures.nl

It is noch ûndúdlik hoe't it der krekt foar stiet mei de knibbel fan Kramer. Hy wie krekt dwaande mei de tariedings op it nije seizoen. It is noch net dúdlik oft er op tiid fit wêze kin foar de World Cup kwalifikaasje op It Hearrenfean yn novimber.

Kramer sil snein al werom nei Nederlân, om hjir moandei ûndersocht te wurden mei in MRI-scan.

"Ik haw benammen lêst fan myn knibbel", seit Kramer. "Op dit stuit is it ôfwachtsjen wat de gefolgen binne foar de start fan it nije seizoen."

Famylje

Earder dizze wike rekke ek de heit fan Sven Kramer, Yep Kramer, ferwûne by in fytsûngelok. Hy botste tsjin in bus oan, en moast mei spoed nei it sikehûs brocht wurde.

Trefwurden: 
ûngelok Sven Kramer
(advertinsje)
(advertinsje)