Henk de Jong oer wedstriid tsjin MVV: "Teloarstellende jûn"

12 okt 2019 - 12:59

"It wie in teloarstellende jûn. It wie te beskieden. It like wol in bytsje eangstich. Wat it krekt wie, dêr moatte wy achter sjen te kommen", seit Cambuurtrainer Henk de Jong oer de wedstriid fan freedtejûn tsjin MVV. Cambuur spile yn in strieminne wedstriid mei 0-0 gelyk tsjin de Limburgers.

De Jong: "By MVV stie in soad op it spul. Sy hawwe it goed dien. Wy moatte bliid wêze dat wy in punt pakke. Dat komt benammen trochdat wy in goede keeper hawwe. Yn plan B wiene wy ek te bangich, mar sokke wedstriden hawwe je. Takom wike kin it samar wer goed wêze."

Dat it net in goede wedstriid wie, kaam neffens keeper Sonny Stevens ek trochdat Cambuur simpele taken net goed útfierde. "Voor mijzelf was het wel een lekkere wedstrijd, want ik was belangrijk voor het team. Maar qua voetbal was het niet best vanavond. Wel mooi dat ik wat ballen kon pakken in de wedstrijd. Voor ons geldt nu: wees blij met een punt, snel de bus in en volgende week beter tegen Oss."

(advertinsje)
(advertinsje)