Albert de Hoop: "Alle kontenerskippen soene noardlike rûte nimme moatte"

12 okt 2019 - 12:04

Ald-boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân freget him ôf wêrom't de rederij fan ûnder oare MSC Zoe de farwei ferlein hat nei de noardlike rûte by de Waadeilannen del. De rederij hat it beslút frijwillich naam. Op himsels moai, fynt De Hoop. Mar it is no oan de minister om te ferplichtsjen dat sokke grutte skippen troch de saneamde 'tankergeul' moatte en dat kin se net allinnich.

Albert de Hoop - Foto: Omrop Fryslân

Ut ûndersyk fan it telefyzjeprogramma Zembla docht bliken dat reder MSC sûnt it ûngelok mei it kontenerskip MSC Zoe foar in oare rûte nei Dútslân ta kiest. It giet om de saneamde noardlike rûte, dy't fierder fan de Waadeilannen ôf leit en bedoeld is foar tankerskippen. In wurdfierder fan de rederij lit witte dat se de kar meitsje 'ondanks dat we de zuidelijke route veilig achten'.

Der binne twa rûten boppe de Waadeilannen foar grutte skippen, de saneamde súdlike en noardlike rûte. It ûngelok mei de MSC Zoe barde op de súdlike rûte, krekt boppe de Waadeilannen. De measte kontenerskippen nimme dizze rûte, dy't koarter is as de mear noardlike rûte. It wetter op de súdlike rûte is ûndjip en dat betsjut dat grutte skippen by min waar it risiko rinne de boaiem fan de see te reitsjen.

De Hoop hat him der altyd foar ynset dat grutte kontenerskippen fierder by de Waadeilannen wei farre moatte: "We weten al jarenlang dat dit soort schepen die net zo groot zijn als tankers - die wel verplicht door de grote geul moeten - niet zo dicht langs de Waddeneilanden moeten varen. Onderzoek zou moeten uitwijzen dat dit ook gevaarlijk is geweest met de MSC Zoe."

It fernuveret De Hoop neat dat rederij MSC foar de noardlike farrûte keazen hat. Der is safolle ûndúdlikens oer it ûngelok mei it kontenerskip. De laadlisten wiene net iepenbier, de plakken dêr't de konteners lizze, meie net meld wurde, it ûndersyk duorret hiel lang en no is der ek noch ûndúdlikens oer de swarte doaze. "Allemaal wel heel erg vreemd", seit De Hoop.

Ald-boargemaster Albert de Hoop oer de noardlike rûte foar kontenerskippen

It wie ea sa regele dat tankers dy't per definysje gefaarlike stoffen ferfiere, troch de djipwetterfargeul moatte, ek fanwege de ôfmjittingen en de djipgong.

Yn de jierren dat dy regeling fêststeld waard, wiene kontenerskippen noch net sa grut, seit De Hoop. Mar no binne se krekt sa grut as tankers en de regels binne dêr net op oanpast. De Hoop: "Het is natuurlijk altijd goed als de scheepvaart er zelf voor kiest om een veiliger route te kiezen. Maar de minister kan het niet alleen regelen. Dat zal ze in samenwerking moeten doen."

Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)