Ljouwerter belutsen by sjitpartij yn Den Helder

12 okt 2019 - 11:00

In 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert is oanhâlden yn ferbân mei in sjitpartij yn Den Helder. By de sjitpartij binne trije minsken ferwûne rekke.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It giet om in 27-jierrige ynwenner fan Hollands Kroon, en twa manlju fan 24 en 21 út Den Helder. Ien fan harren koe op it plak fan de sjitpartij behannele wurde. De oaren moasten nei it sikehûs. Sy binne net yn libbensgefaar.

Neffens de plysje waarden de trije besketten doe't sy yn in auto sieten, by in McDonaldsrestaurant. De Ljouwerter is nei de sjitpartij op in scooter útnaaid. Syn kompaan is ûntkaam. Der is nei him socht mei in speurhûn en in helikopter, mar hy is net oantroffen.

Der wurdt lykwols ek sein dat der hinne en wer sketten waard. De advokaat fan de fertochte, Bart Canoy, kin dêr lykwols gjin dúdlikheid oer jaan, om't de fertochte yn beheining sit.

(advertinsje)
(advertinsje)