"Fertinking sedesaak hat neat te krijen mei skoalle of kuorbalklup"

12 okt 2019 - 10:34

De sedesaak fan de 34-jierrige man út Boalsert leit in stik nuansearder, seit syn advokaat Bart Canoy. Freed kaam yn it nijs dat de man oppakt is foar it besit fan berneporno en ûntucht mei in minderjierrige. Hy is ûnderwizer op in basisskoalle yn Harns en hy coacht in kuorbalteam yn Boalsert. Dêr hat de saak neat mei te krijen, fertelt Canoy.

Advokaat Bart Canoy - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Bart Canoy oer de Boalserter sedesaak

De fertinking hat yn de fierste fierte net te krijen mei de basisskoalle of mei de kuorbalferiening, sa seit advokaat Canoy fan de fertochte. It dossier is der hiel dúdlik yn dat der gjin fertinking sit dat dêr wat bard wêze soe, seit er dêroer.

De fertochte hat ek gjin berneporno fan ynternet delhelle, mar der is wol in fertinking dat er it besjoen hat. It sjen fan berneporno is ek strafber.

Trefwurden: 
Boalsert sedesaak Bart Canoy
(advertinsje)
(advertinsje)