Damwedstriid foar de hiele wrâld yn Tresoar op Reinder van der Leest-eksposysje

12 okt 2019 - 09:38

By damjen binne gewoanwei altyd twa spilers, mar foar de bysûndere partij yn Tresoar moasten freed safolle mooglik dammers fan oer de hiele wrâld meidwaan. Tagelyk waard yn it gebou ek in lêzing jûn oer de oarsprong fan dit soart dam- en skaakwedstriden.

Fotofoarbyld - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Jeroen Boersma

It idee is basearre op in boekje fan Reinder van der Leest, in Fryske skriuwer en keunstner fan wa't op 't heden in útstalling te sjen is by Tresoar. Hy hat mear as hûndert ferlyn in boekje skreaun oer in saneamde 'trochjou-skaakpartij'. Dy ûntstie yn Amearika en einige yn Europa.

Yn New York sette ien in set op in briefke en joech dat briefke oan in oar, mei de fraach om in tsjinset dêrûnder te skriuwen. Dat gie sa troch yn Amearika, ek oer de post. Op in stuit bedarre de skaakpartij oer de post, doe noch mei it skip, yn Ingelân. Dêr is de partij fierder spile en einige.

Oan de online-dampartij fan freed yn Ljouwert koene minsken oer de hiele wrâld meidwaan. "Wylst ik hjir stean te praten, hawwe alwer tsientallen minsken in set útbrocht", seit Liuwe Westra, dy't yn in soad damorganisaasjes sit, tsjin de ferslachjouwer fan Omrop Fryslân. "Minsken oer de hiele wrâld kinne ynlogge en meidwaan. De goede suggestjes wurde oernaam."

(advertinsje)
(advertinsje)