"Ynlûken stikstofbeslút kolleezje moedich beslút, it koe net oars"

12 okt 2019 - 09:35

FNP en CDA stean achter it beslút fan deputearre Kramer om de hantekening ûnder it stikstofbeslút yn te lûken. Forum voor Democratie hat in spoeddebat oer de gong fan saken om it stikstofbeslút hinne oanfrege. Se wurde dêrby stipe troch de PVV. Koälysjepartijen CDA en VVD hawwe ek in spoeddebat oanfrege.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Deputearre Johannes Kramer kundige freed syn beslút oan doe't protestearjende boeren mei trekkers it provinsjehûs yn Ljouwert blokkearren. Kramer moat op it spoeddebat ferantwurding ôflizze oer syn hanneljen, fine Forum en PVV.

Hûnderten boeren besetten freed it provinsjehûs út protest tsjin it stikstofhantekening fan de provinsje. Kramer die de tasizzing oan de boeren dat er syn hantekening ûnder de stikstofmaatregels, dy't de provinsje earder dizze wike oankundige hie, ynlûkt.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Steatelid Wopke Veenstra fan de FNP is fuortendaliks mei de boeren yn petear gien doe't er freed by it provinsjehûs oankaam. "Dêrfoar binne jo steatelid. Ik fûn dat it kolleezje heldhaftich optreden hat. Kramer en syn kollega Douwe Hoogland stiene midden tusken de boeren en se binne goed mei harren yn petear gien. By eintsjebeslút hawwe se de hantekening ûnder it beslút weihelle. It komt no opnij op de rol. Der wurde earst nije wike petearen mei organisaasjes hâlden en dan sjogge wy wol hoe't it fierder komt."

Manmoedich

Veenstra: "Ik fûn it it hiel moedich beslút dat se it ynlutsen hawwe. Yn Fryslân harkje wy noch nei de mienskip. Ik woe dat dat yn Den Haag ek in kear barde." Hy is net benaud dat der no faker sokke aksje komme op it provinsjehus. "Ik fyn dat de boeren in punt hawwe. It giet om de latinte romte. Kommende wike komme der opnij petearen en ik hoopje dat de mienskip fan Fryslân der mei-inoar útkomt mei ús kolleezje. "

Utlis hoe't it bard is

"Dat der in grut probleem is mei de stikstof is dúdlik. Op dit momint is de hantekening derûnder wei helle, mar dat der wat gebeure moat, binne wy it mei-noar iens. Der moat earst goed oerlis komme en op basis dêrfan kinne jo komme ta in nij beslút. Fan it spoeddebat ferwachtsje ik dat it kolleezje útlizze sil hoe't it allegearre gien is, en wêr't it eventueel fout gien is."

CDA: Wêrom keppeling mei fosfaatdossier?

Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma CDA wol witte wat der eins bard is. "Der is in beslút naam troch it IPO (Inter Provinciaal Overleg, red.) en dat hat it kolleezje oernaam." Op de foarljochtingsjûn, tongersdei, hie syn fraksje al fragen, seit Tjalsma: 'Wêrom sjocht dat der sa út en wêrom binne bepaalde keppelingen makke, lykas mei it fosfaatdossier? Wêrom is dit sa gebeurd?"

"De boel kin net op slot"

"Yn Fryslân stimme wy it faak ôf mei de mienskip en belange-organisaasjes. Wy snappe dat stikstof in grut probleem is, mar de boel kin net op slot. Dit is te hurd gien, tinke wy. Lit ús dêr it debat oer fiere."

"It hat in goed beslút west om it yn te lûken. It koe net oars. Normaal wurket it net sa yn Fryslân dat der in beslút falt sûnder ôfstimming mei de sektoaren. De steaten hawwe in ynspraakproseduere. Der is altyd kontakt mei de minsken en dat is no net gebeurd. En dan giet it net goed."

Wopke Veenstra en Johan Tjalsma

(advertinsje)
(advertinsje)