Kollum: "Kiloknallers en bioboeren"

12 okt 2019 - 08:20

"We stiene foar de kassa yn de rige. By de Action. Dêr steane je hast altyd yn de rige, want de measte Nederlanners gean geregeld nei de Action. Foar ús stie in frou. Dêroer aanst mear. Neist de Action sit de Aldi, dêr't je it gros fan de lokale miljonêrs ek tsjinkomme kinne. De measte minsken wolle no ienris net de haadpriis betelje as it op in oar plak ek foar de lytste helte te keap is. "

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

"In foarbyld fan dizze stelling kaam ik dit jier tsjin by ien fan de Sutelaksjes mei Fryske boeken. Ja, de Sutelaksje bestiet noch en wurdt elts jier wer stikem wat grutter. Mar dêr ha we it no net oer. We moasten even nei in bepaald adres dêr't immen mei de pin betelje woe, in soad minsken ha gjin kontant jild mear yn hûs. Wy bedarren op in hiem mei trije megastâlen. Dêr rekkenen we in berneboek ôf en ik frege hokker fee oft der yn dy stâlen siet. Piken, wie it antwurd. Fan dy goedkeape kiloknallers. Ik frege oft dêr noch wat mei te fertsjinjen wie. Dêr krige ik in befêstigjend antwurd op. De reden lit him riede.

Dizze wike lies ik in artikel oer in pikeboer dy't it allegearre oars dwaan wol. In jonge boer, mei ambysjes. Bio, grien, duorsum en noch wat fan dy saken kamen foarby. Hy hie grou ynvestearre yn in stâl om sa min mooglik útstjit fan stof en oare saken klear te spyljen. De piken hiene in pear kante desimeter mear romte en hy foldie dêrmei oan wat we hjoed-de-dei ûnder ferantwurde produsearjen ferstean. Alles klear om de nije tiid yn te gean. Der is spitigernôch ien lyts probleemke, hy driget fallyt te gean. Der is nammentlik yn dit lân noch net genôch merk foar fernijende agraryske ûndernimmers sa as dizze pikeboer. Jo kinne alles op oarder ha, duorsum, grien en bio produsearje, mar dêr hinget in priiskaartsje oan.

Wy, jo en ik, earm en ryk, wy kieze út gewoante no ienkear faker foar de goedkeapere produkten en knikke begripend as we it bio-etiket lêze. Ja, dy boer is goed dwaande. Dêrnei dogge we gau in taast yn it skap dêrûnder en lizze de kiloknaller yn de winkelkarre. Dêroer sil ik nimmen feroardielje, want dan soe ik roomsker as de paus wêze. Dêroan taheakjend: der binne tsjintwurdich in soad roomsken op de sosjale media, kin ik jo melde. It is in godswûnder dat de tsjerken sneins net grôtfol sitte.

O ja, we stiene dus by de kassa. Foar ús stie in frou, se hie net in soad artikels. Fjouwer pûden pipernuten om krekt te wêzen. Dy lizze begjin oktober al wer prominint yn de winkels en dus keapje guon dy dan ek. De waarme bakkers ferkeapje ek pipernuten. Dy binne grif in kear sa djoer as dyselden fan de Action. De frou spruts in taal dy't ik net ferstean koe. Dochs kocht se in typysk Nederlânsk produkt. Op in wize dy't je ek Nederlânsk-eigen neame kinne, nammentlik sa goedkeap mooglik. Meie je dan sizze dat har yntegraasje better slagge is as ús konsumpsjegedrach?"

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)