Advokaat Sietses: "Friesland heeft wat uit te leggen aan andere provincies"

Provinsje Fryslân hat de foarnommen stikstofmaatregels weromlutsen, neidat hûnderten boeren freed it provinsjehûs besetten. Deputearre Johannes Kramer is ferantwurdlik foar dit belied en soarget mei dizze aksje foar in soad opskuor. Vicepremier Hugo de Jonge fynt dizze aksje "voorbarig" om't it provinsjale plan noch fierder útwurke en fêstlein wurde moat yn de wet. Fryslân is de earste provinsje dy't weromkomt op it provinsjale belied. En dat kin lanlik konsekwinsjes hawwe.
© Kappers Media
Minister Schouten hat ôfrûne wike in keamerbrief oer de oanpak fan it stikstofprobleem ferstjoerd. Yn dat brief leit se it kabinet út hoe't it plan om de stikstof te ferminderjen oanpakt wurde sil. De tolve provinsjes binne bliid mei dy stappen fan it kabinet, sa wurdt skreaun op de webside fan de útfieringsorganisaasje Bij12 dy't de provinsjes stipet by de oanpak fan stikstof.
De provinsjes sels hawwe ek harren ferantwurdlikens yn de oanpak fan it stikstofprobleem. Nei oanlieding fan de brief fan minister Schouten binne dêrom provinsjebreed nije beliedsregels fêststeld om de natuer te beskermjen tsjin stikstof. Dizze regels jilde foar alle provinsjes.
Mei dit plan litte alle provinsjes sjen hoe't se it stikstofprobleem oanfleane sille en sa komt de fergunningferliening wer op gong. Dat betsjut dat it fan freed 11 oktober ôf wer mooglik is om fergunningen te ferlienen oan aktiviteiten wêrby't stikstof frijkomt, sa as by it bouwen fan wenningen of diken. Mar dizze aktiviteiten meie der net foar soargje dat de stikstofútstjit wer tanimt.

Wêrom binne boeren lilk oer dit belied?

It belied dêr't de Deputearre Steaten fan alle provinsjes harren hantekeningen ûnder set hawwe, soarget by boeren foar lilkens. Dat giet benammen om it akkoart dat makke is oer hoe om te gean mei de besteande stikstofrjochten dy't der binne. Yn de feehâlderij giet dit om fergunningen foar stikstof dy't mei it nije belied keppele binne oan de fosfaatrjochten.
Stel: in boer hat in stikstoffergunning foar 100 kij, mar hat 70 kij en dus foar 70 kij fosfaatrjochten. Der is dan in stikstoffergunning oer 30 kij dy't net brûkt wurdt om't dy kij der net binne. Dit is in soarte oerwearde. Dy stikstofromte fan dy net besteande 30 kij, dus de oerwearde, komt dan te ferfallen. Want as der wol 30 kij by komme soene, wurdt de stikstofútstjit op dat stuit grutter.
Dy net benutte fergunning foar stikstof wurdt yn dat gefal ynset foar in oare nije stikstofaktiviteit. Of: boer Pyt hat in feehâlderij en wol ophâlde. Yn de omjouwing wennet boer Jan dy't de stikstoffergunning fan Pyt oernimme wol. As Jan beskikt oer bargerjochten, plomfeerjochten of fosfaatrjochten dan is it oernimmen fan de stikstoffergunning fan Pyt dit net mooglik.
De boeren hawwe yn dit belied net folle romte om fierder te ûntwikkeljen, wylst se tochten hjir wol de fergunning foar te hawwen.
De Provincie heeft de bevoegdheid om het stikstofbeleid in te trekken, maar politiek wordt het wel een uitdaging om dat uit te leggen.
Derek Sietses, advokaat

Kin Kramer samar it belied ynlûke?

Bestjoersrjochtlik is dat mooglik. "De Provincie heeft de bevoegdheid om het stikstofbeleid in te trekken, maar politiek wordt het wel een uitdaging om dat uit te leggen", sa seit Derek Sietses, advokaat natuerbeskermingsrjocht en miljeurjocht by ENVIR Advocaten yn Ljouwert. Kramer hat in soad út te lizzen, neffens de advokaat, om't koartlyn it belied sa ôfspraat is en Kramer it dêr noch mei iens wie.
It idee achter it belied is dat der ien lanlike oanpak komt fan it stikstofprobleem. No't Fryslân in oar plan lûkt, is der net mear ien belied. Oft Kramer by de oare provinsjes oanstjoere sil op oare ôfspraken binnen it belied, is net dúdlik, seit Sietses.
Wat ik mysels wol ferwyt is dat we yn de oanrin nei it beslút dat de tolve provinsjes tiisdei nommen hawwe, efkes wat tiid 'keapje' moatte hiene.
Johannes Kramer, deputearre

Gjin ferrassing

Johannes Kramer stelt dat de situaasje om it stypjen fan it lanlike provinsjale belied 'oars' moatten hie. "Wat ik mysels wol ferwyt, is dat we yn de oanrin nei it beslút dat de tolve provinsjes tiisdei nommen hawwe, dêr efkes wat tiid keapje hiene moatten. En sein moatte hiene: we moatte dit mei de boeren en organisaasjes goed trochprate," sa seit Kramer.
No't it belied net breed droegen wurdt troch de boeren, moast Kramer him weromlûke. Advokaat Derek Sietses sjocht it net as in ferrassing dat de boeren it net iens binne mei dat belied en Johannes Kramer derta setten hawwe it werom te lûken. Mar neffens Sietses is it de fraach wat it bêste west hat. Kramer hie neffens de advokaat "een betere sier gemaakt" as er fuortendaliks nei it petear mei de provinsjes sein hie dat Fryslân dêr net oan meidocht.
Als ik boer was in Groningen, dan zou ik wel weten wat ik zou doen.
Derek Sietses, advokaat

Boeren yn oare provinsjes

Mei de aksje fan de Fryske boeren is der in iepening kaam foar boeren yn de rest fan it lân om itselde te easkjen fan de provinsje. "Als ik boer was in Groningen, dan zou ik wel weten wat ik zou doen. Ik zou ook naar het provinciehuis gaan. Waarom zouden er in Friesland andere regels gelden voor dit landelijke probleem?", sa seit Derek Sietses.
It is neffens him net út te lizzen dat der yn Fryslân oare regels jilde as bygelyks yn Grinslân. Ek oare provinsje sille te krijen hawwe mei protesten en fierder ûnder druk set wurde, tinkt Sietses.
De beliedsregels om de feehâlderij hinne dy't troch alle provinsjes ûndertekene binne, kinne op de webside fan Bij12.nl ynsjoen wurde.
Hjir binne dizze regels, sa't de provinsje Fryslân opsteld hat, te finen.
Advokaat Derek Sietses fan ENVIR Advocaten yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy