Swakker VC Snits giet foar kampioenspûl

De froulju fan VC Snits meitsje harren op foar it nije earedifyzjeseizoen. Ofrûne seizoen ferlear de ploech fan trainer Paul Oosterhof de finale om it lânskampioenskip fan Sliedrecht Sport. It leit lykwols net yn de ferwachting dat VC Snits ek dit seizoen sa fier komt. De Snitsers rekken wichtige spilers as Hester Jasper en Janieke Popma kwyt en it is noch net dúdlik hoe't dat gemis opfongen wurde sil.
© Omrop Fryslân
VC Snits wol plakje yn kampioenspûl
Paul Oosterhof begjint oan syn twadde jier as trainer fan VC Snits. It earste jier wie neffens him in 'rollercoaster van emoties'. De Snitsers hellen de finale om it lânskampioenskip, mar wiene dêryn kânsleas tsjin Sliedrecht Sport. Dit seizoen hopet Oosterhof op in plakje yn de top 6 en dêrmei dielname oan it kampioenspûl.
Foar in ploech dy't ôfrûne seizoen twadde waard, liket in plakje yn de top 6 in meagere doelstelling, mar dêr is Oosterhof it net mei iens: "Dat lijkt misschien zo voor iemand die volleybal niet volgt, maar als je kijkt naar wat we verloren hebben aan spelers, dan weet iedereen dat je dat niet zomaar opvangt."
Paul Oosterhof oer it nije seizoen

"Ik leer hier superveel"

Fansels moatte der ek nije spilers komme as oaren fuortgean. Danique Aardema is ien fan harren. Sy spile ferline seizoen by SCU Emlichheim, in ploech út it twadde nivo fan Dútslân. Aardema hat har draai al fûn by VC Snits: "Het bevalt me erg goed en ik leer hier superveel."
Aardema soe graach earste spulferdielster wurde by de Snitsers. Har grutste konkurrinte foar dy posysje is Nienke Tromp. Tromp fynt dat de ferwachtingen foar dit seizoen net te heech wêze moatte: "We hebben een nieuwe groep en dan is het altijd weer even kijken hoe we het doen en dan zien we wel hoe ver we komen."
© Omrop Fryslân

Gjin Europeesk follybal

VC Snits hie troch de prestaasjes ferline seizoen rjocht op Europeesk follybal. Europeeske wedstriden binne lykwols in flinke ynvestearring en de klup krige de finânsjes net foarinoar. Oosterhof fynt dat tige spitich: "Daar ben ik wel een paar dagen goed ziek van geweest. Ik weet dat de club er alles aan gedaan heeft, maar het zou voor mijn spelers en voor mij een fantastisch evenement zijn geweest, dus ik baal er ontzettend van dat we dat dit jaar niet kunnen beleven."
Danique Aardema bliuwt posityf: "Natuurlijk is het balen dat we Europa niet in gaan, maar dat het nu niet gebeurt, wil niet zeggen dat het in de toekomst ook niet gebeurt."

Sneon earste oerwinning?

Sneon begjint it earedifyzjeseizoen foar VC Snits. Yn Apeldoorn is Alterno de tsjinstanner. Oosterhof hat wol betrouwen yn in goede ôfrin: "Als we ons niveau halen, dan vind ik dat we daar punten moeten pakken en stiekem vind ik dat we dan ook moeten winnen."