Cambuur yn strieminne wedstriid net foarby MVV Maastricht

SC Cambuur is der freedtejûn net yn slagge allinnich oan kop te kommen yn de Keuken Kampioen Divisie. De Ljouwerters kamen op besite by MVV Maastricht net fierder as 0-0.
Cambuur yn strieminne wedstriid net foarby MVV Maastricht
De Ljouwerters setten de wedstriid net hiel oertsjûgjend útein. Yn de earste minuten krige Cambuur in pear lytse kânskes, mar dêrnei wie it MVV dat mear gefaarlik wie. De earste grutte kâns wie yn de 22e minút dan ek foar de thúsploech. Anthony van den Hurk krige by de twadde peal fan tichtby in grutte kâns om te skoaren, mar doelman Sonny Stevens rêde knap.
Goed tsien minuten letter kaam MVV hast wer op foarsprong. In fan rjochting feroare skot fan Joshua Holtby gie mar krekt oer de goal van Cambuur. Foar it team fan trainer Henk de Jong wie Jordy van Deelen yn de earste helte it meast tichtby in goal, mar de ferdigener kaam yn de sechstjin fan MVV mei in skot rom oer en neist de goal. Nei 45 minuten wie it dus noch hieltyd 0-0.

MVV goed út de klaaikeamer

Ek yn de twadde helte wie it MVV dat better begûn. Binnen fiif minuten krige de Limburgers fia Jérôme Deom en Thijmen Goppel twa grutte kânsen, mar respektyflik Van Deelen en Stevens foarkamen in tsjintreffer.
Nei hast in oere brocht trainer Henk de Jong Robin Maulun yn it fjild foar Stanley Akoy. Mei it earste balkontakt fan de Frânsman brocht hy Issa Kallon direkt yn skoaringsposysje, mar syn skot gie neist.

Ofkard doelpunt

Yn de 65e minút like MVV op foarsprong te kommen fia Koen Kostons, mar Van den Hurk kopte de bal dêrfoar fanút bûtenspulposysje troch en dus gie it Limburchske feestje net troch.
Mei noch in kertier op de klok krige Cambuur in tsjinfaller te ferwurkjen. Middenfjilder Jamie Jacobs, dy't dit seizoen al seis goals makke, koe fanwegen in blessuere net fierder. Oanfaller Delano Ladan kaam foar him yn it fjild. In minút letter hiene de Ljouwerters dan wer neat te kleien doe't in frije skop fan Holtby op de bûtenkant fan de peal belâne.
© Orange Pictures

Slotfaze

Ynfaller Ladan hie in pear minuten foar it ein fan de wedstriid de trije punten foar Cambuur op de skoech, mar de spits rekke de foarset fan Jarchinio Antonia folslein ferkeard. Ek yn de fjouwer minuten blessueretiid kamen beide ploegen net mear ta skoaren en dus bleau it 0-0 yn De Geusselt.

Konkurrinsje net yn aksje

Troch it lykspul stiet Cambuur no op in dield earste plak yn de Keuken Kampioen Divisie. De Ljouwerters hawwe krekt sa folle punten (22) as NAC Breda, mar de Brabanners hawwe in wedstriid minder en komme dit wykein net yn aksje. Ek nûmer trije De Graafschap, dat njoggentjin punten hat, spilet nije wike pas wer in wedstriid.
Nije wike freed stiet foar Cambuur de thúswedstriid tsjin Top Oss op it programma.
Cambuur yn strieminne wedstriid net foarby MVV Maastricht
MVV Maastricht - SC Cambuur 0-0 (0-0)
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Akoy (58. Maulun), Hoedemakers, Jacobs (76. Ladan); Oratmangoen (46. Antonia), Mühren, Kallon.