Sander Arends nei finale yn Mouilleron-le-Captif

11 okt 2019 - 22:14

Tennisser Sander Arends hat yn Frankryk de finale helle fan it challengertoernoai fan Mouilleron-le-Captif. Tegearre mei syn dûbeldmaat David Pel wie de Ljouwerter mei 7-5 en 6-4 te sterk foar Manuel Guinard en Lucas Miedler.

Foto: Orange Pictures

It Nederlânske duo kaam yn de earste set in break achter, mar kaam krekt op tiid werom yn de wedstriid. Op 4-5 pakten se de opslachgame fan Guinard. Arends en Pel pakten dêrnei ek de opslach fan Miedler, en dus ek de earste set.

Yn de twadde set hiene Arends en Pel oan ien break, yn de earste opslachgame fan Guinard, genôch. Snein spylje se de finale, tsjin wa is noch net bekend. Earder yn it toernoai wûnen de Nederlanners ûnder oare fan Sander Gille en Joran Vliegen, dy't as earste pleatst wiene yn Mouilleron-le-Captif.

Takom wike spylje Arends en Pel in nivo heger, dan dogge se mei oan it ATP-toarnoai fan Antwerpen.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)