SC Hearrenfean krijt gjin fet op spul en ferliest mei 1-3 fan FC Twente

11 okt 2019 - 21:27

Op in reinich sportpark Skoatterwâld stiene de froulju fan SC Hearrenfean freedtejûn tsjinoer FC Twente yn de earedifyzje. It slagge de spylsters net om grip te krijen op de wedstriid, al stiene sy foar de wedstriid noch ien punt heger as de froulju fan Twente. De ploech ferlear thús mei 1-3. Friezinne Fenna Kalma makke twa goals foar Twente.

Quinty Sabajo fan SC Hearrenfean - Foto: Orange Pictures

Yn de fiif wedstriden foar dy fan freed hiene de froulju fan SC Hearrenfean twa kear wûn, twa kear lykspile en ien kear ferlern. Dêrmei hie de ploech acht punten. FC Twente wûn twa kear, spile ien kear lyk en ferlear twa kear. Dêrmei stie de ploech mei sân punten mar ien punt ûnder de froulju fan SC Hearrenfean en soe it in spannende wedstriid wurde.

It duorre lykwols frij lang foar't de wedstriid op gong kaam. Nei in kertier wiene beide ploegen inoar noch oan it ôftaasten. Nei in lyts heal oere wie der in grutte kâns foar Twente, mar Danique van Ginkel koe krekt foar it doel in skot fan lange ôfstân blokkearje.

Twa doelpunten nei inoar

Net lang foar it skoft falt de earste goal foar SC Hearrenfean. In foarset fan de linkerkant koe binnenwurke wurde troch Quinty Sabajo.

De freugde foar de froulju fan It Fean duorre lykwols net lang, want mar fiif minuten letter slagge it Twinte om de 1-1 te meitsjen mei in kopbal fan Fenna Kalma. Sa giene beide ploegen it skoft yn.

Minne twadde helte

Nei it skoft krijt Kerstin Casparij in giele kaart en krijt Hearrenfean in penalty tsjin. It slagget Kalma om de bal yn in ûnderhoek fan it doel te sjitten. Dêrmei stie it 2-1 foar FC Twente.

Nei in goed oere en in kertier hat it team fan SC Hearrenfean twa kear wiksele. Quinty Sabajo en Dana Philippo giene fan it fjild ôf om romte te meitsjen foar Williënne ter Beek en Jill Bayings. Oan de ein fan de wedstriid slagge it Laura Strik om de bal mei har tiennen nei it doel te skoppen, mar om't de bal gjin snelheid hie, koe dy mei gemak pakt wurde troch de keepster fan Twinte. Strik waard dêrnei út it fjild helle en ferfongen troch Celien Guns.

Deastek

De deastek foar SC Hearrenfean folge yn de 90ste minút: Renate Jansen fan Twinte makke mei in moaie bôgebal de tredde goal yn it doel fan Hearrenfean. De froulju ferlearen dus thús mei 1-3 fan FC Twente.

Op 1 novimber spylje de froulju tsjin ADO Den Haag.

Opstelling SC Hearrenfean: Okken (k), Casparij, Van Ginkel, Van der Veen, Bross, Philippo, Strik, Sabajo, Admiraal, Van de Ven, Hoekstra

(advertinsje)
(advertinsje)