Brânstichting en fernielingen yn fûgelhutte by Boksum

11 okt 2019 - 20:57

Yn fûgelhutte De Strânljip yn de Hilaarder Mieden by Boksum binne tongersdei brânstichting en fernielingen oantroffen troch Fûgelwacht Boksum en Omkriten. Eize van Ommen fan de fûgelwacht jout oan dat it gasteboek mei pinne fuort is, hast al it dokumintaasjemateriaal ferbaarnd is en dat it slot fan de doar fuort is.

De fernielingen yn Boksum - Foto: Eize van Ommen

Yn de fûgelhutte binne in soad ferbaarnde Donald Ducks oantroffen. Van Ommen docht in oprop dat de ferantwurdliken harren melde kinne by him. "Jammer dat zoiets gebeurt," skriuwt hy. "Geen enkele zin."

De Strânljip is yn 2009 realisearre, yn it ramt fan de ruilferkaveling Baarderadiel koe de hutte der komme as projekt.

Foto: Eize van Ommen
(advertinsje)
(advertinsje)