Obsternate en drinkende fytser oanholden yn Ljouwert

11 okt 2019 - 20:39

Oan de Bleeklaan yn Ljouwert is tongersdeitejûn in fytser oanholden troch de plysje om't er sûnder ljocht op 'en paad wie. De 30-jierrige man woe lykwols net meiwurkje en naam obsternaat in slok út in blik bier en beledige de plysje.

Foto: ANP

Nei warskôgingen fan de plysje woe de fytser noch hieltyd net ophâlde. De man is oanholden en de fertochte krijt in proses-ferbaal foar it drinken fan alkohol op stjitte en hy krijt in daging foar it beledigjen. Op 26 febrewaris komt de man foar de plysjerjochter.

(advertinsje)
(advertinsje)